De eerste kaars is aangestoken, kijkend naar het licht. Wat is dat hoopvol.
De blommenkommisje hat der in út lis by.
It is foar ús as blommekommisje ek altyd hiel nijsgjirrich om te sjen mei hokker suggestje de lannelike Protestantske tsjerke komt, omdat we ús dêr ek hiel graach troch ynspirearje litte.
De symboalyske skikking fan advint en kryst is ynspirearre troch it jiertema fan de Protestanske tsjerke nl. Als Nieuw – Leven in het licht: Utsjen, ferwachtsje en soms wat sjen…
Hâld de eagen iepen en lit dy net hielendal yn beslach nimme troch deistige soargen. Hoe dreech dat soms ek wêze kin. Wy meie hope en fertrouwe op de komst en it ljocht fan Jezus.
De skikking lit dat ek sjen. It ljocht, de kears brândt al. Oan de ûnderkant fan de kandelaar binne tûken yn in a.h.w. ontvangende lijn befêstige. It wol it ljocht opheine, omearmje. Mar it is no noch te heech te fier fuort. We sille sjen dat it de kommende adventswiken hieltyd tichter byelkoar komt.
Ek hat de skikking de foarm fan in anker en it anker is in teken fan hoop. En sa kinne we dus út sa’n skikking in hiel soad symboalik helje.
De meditative tekst is:
Zoals de vijg reikhalzend uitziet
Naar het juiste moment
Zo mogen ook wij waakzaam zijn
Om het licht te ontvangen.