Skip to content

6e snein 40-dagentiid

It is hjoed Palmpeaske, de lêste snein foar de Stille Wike. It giet hjoed oer de yntocht fan Jezus yn Jeruzalem.

De stêd wie yn rep en roer, de minsken wiuwe mei palmtakken, der is hoop foar in nij begjin.

Sa sjogge wy straks ek de skoalbern mei de palmpeaskestokken.

Ûndanks de ûnwisse tiid weryn we libje hoopje wy toch altyd wer op leafde en fertrouwen.

Yn de skikking wurdt dat ek útbielde. Allerearst de basis fan de Geest dy’t útbylde is troch de foarm fan in waaier, en wêr’t no ek mear kleur ynkomt troch mear griene tûken en de Palmblêden as teken fan de feestlike yntocht.

De reade kornoeljetûken fan foarige wike binne stean bleaun. Sy steane foar leafde en hoop.

De hoop wurdt ek ferbielde troch de blombollen. Teken fan it kommende foarjier, it útspruten fan nij libben, de  griene kleur, de lytse palmtakjes, allegear tekens fan in hoopfolle takomst.

Palmtakken wuiven het hosanna

Vreugde om een nieuw begin

Vol vertrouwen in de toekomst

Back To Top