Skip to content

De ballonen stijgen op als dromen van een mooi winterwerk seizoen.

Afgelopen zondag was de startzondag voor het nieuwe winterseizoen van de PG Easterein.

Er waren velen van ons in de kerk aanwezig van jong tot oud.

De dienst werd afgesloten met een gezamenlijke lunch. Tevens werk het nieuwe doopvont gepresenteerd. foto’s volgen nog.

Doopfont Martinitsjerke yn Easterein
De symboalyk yn it doopfont

It doopfont bestiet út in hân, in krús en in do mei yn harren midden in stiennen skaal.

De hân stiet symboal foar de Heit, it krús stiet symboal foar de Soan en de do stiet symboal foar de Hillege Geast dyt meielkoar de trije-ienheid neamt wurde

It is dizze trije-ienheid dyt útsprutsen wurdt bij it tasjinjen fan de doop.

It materiaal wêr it doopfont fan makke is

It doopfont is makke út trije materiaalsoarten: hout stien en brûns.

It stiennen wetterbekken is in griene transparante Onyx mei oker- en ierdekleurige lagen. Onyx wurdt rekkene ta de edelstiennen. De griene Onyx wurdt fûn yn Pakistan.

De hân en it krús binne beide út ynlânsk hout hakt, de hân út it hout fan de libbensbeam in reuze konifeer (Thuja Plicata) en it krús út it hout fan de treures (Fraxinus excelsior Pendula) in ljochte, taaie en hurde houtsoart.

De do is earst boetsearre yn waaks en dernei yn brûns getten en wyt patinearre.

Back To Top