Skip to content

Goedenmorgen.

It hjerstbosk

Ik rin troch dyn kleuren fan brún en oranje,

fan grien en fan oker,

fan read en fan giel.

It is krekt in goud-paradys om my hinne.

’t Set myn herte yn gloed en it rekket myn siel.

Sa suver is hast net de wrâld mear te tinken.

De rykdom, hjir ùtspraat, makken dimmen en bliid.

Hjir wurd ik befrijd fan it rûzige libben,

hjir dream ik myn dream fan in heilbringende tiid

Gedicht fan Gepke de Vries.

Back To Top