Skip to content

 

Sa as jimme allegearre wol witte, is it yn 2025
80 jier lyn, dat Nederlân befrijd waard fan de Dútske besetting. Yn Fryslân wurdt oan dit feit en oan de Twadde Wrâldoarloch omtinken jûn.
Wy ha de rjochten krije kinnen fan it boek Had het anders gekund fan Abel de Jong.
Abel de Jong is de soan fan Sally de Jong en dat wie in twillingbroer fan Lou de Jong, de Twadde Wrâldoarloch skiednis- skriuwer.
Abel wurdt berne yn 1940 en hy is 2 jier as syn heit en mem de oarloch ûntflechtsje wolle. It lytse Joadse jonkje moat ûnderdûke, en heit en mem belove him dat se him sa gau mooglik wer ophelje sille… Mar heit en mem komme net werom…
Letter as Abel folwoeksen is giet hy op syk nei it ferhaal fan syn âlders: it spoar werom.
In tige nijsgjirrige syktocht mei dramatyske momenten.
Wy ha it boek bewurke ta in skript foar trije minsken en dêr in foarstelling fan makke.
Ek komt der muzyk fan Tseard Nauta by en is der in koar û.l.f. Sjoukje Heins-Scheltema.
It spilet him ôf op in seldsume moaie lokaasje: De Martinitsjerke yn Easterein.

It is noch wol moai om jimme te fertellen, dat Easterein as doarp ek tige belutsen wêze sil by It Spoar Werom. Der binne kontakten lein mei fansels de Tsjerke, mar ek mei Doarpsbelang, de Oranjeferiening, de Toanielferiening, it Korps, kafee Bergsma en de Basisskoalle. Se wolle harren der allegearre foar ynsette om der in ûnferjitlik barren fan te meitsjen. Ek oan de oarlochskiednis fan Easterein sels wurdt omtinken jûn.
Spylperioade 10 april oant en mei 11 maaie 2025, sawol op middei as ek op jûn. Letter komt hjir fansels noch mear ynformaasje oer op ús webside.
Kaarten binne te krijen fan 1 novimber ôf fia www.jmteaterwurk.nl 

Fierder docht, sa as jimme ek al witte, Jan mei oan in nije produkje DE KOFFER dy’t op 8 desimber 2024 yn premjêre giet yn Snits en dêrnei rûnom yn Fryslân te sjen is. 

De Koffer.
Elkenien hat as er berne wurdt in eigen koffer…
Wat foar talinten, dreamen en ferwachtings sitte deryn? En wat litst dêrfan oan de bûtenwrâld sjen?
De Koffer is in waarm en humorfol ferhaal oer passy. We sjogge in mearkeswrâld en ek de wrakseling mei de ûnwissens fan prestaasje en ferwachtings. En de ynfloed fan de omjouwing. It giet wat oars as ferwachte. Is it slim ast net hielendal it bêste út dysels hellest? De Koffer is in Frysktalige foarstelling wêryn klassike muzyk, ballet en toaniel, ûnder rezjy fan Bruun Kuijt, in ienheid fan byldzjend muzyktéater wurden binne. Mei prachtige dûns op hearlik tagonklike klassike muzyk sa as de Mondscheinsonate fan Beethoven en de Notenkraker fan Tchaikovsky. 

De Koffer is in produksje fan Samar en wurdt spile troch
Famke Anne van der Mark, Jan Arendz, Teke Hettinga en Frans Douwe Slot.

Sjoch foar mear ynformaasje, spylplakken en om kaarten te bestelle op de webside: www.samar.frl 
Yn de foarige nijsbrief ha wy jimme oandacht frege foar WIND fan theatergroep Jan Vos dy’t spile wurde soe yn Drachten.
Wind is fan deselde skriuwer as Fêste grûn: Tjeerd Bischoff.
Marrrrrrrr de foarstelling koe spitigernôch net spile wurde omt de subsydzje foar dit pracht selskip ynlutsen waard en dus waard it risiko om wol te spylje te grut…. Eilaas.
 “WY SETTE TROCH EN WE HOOPJE JIMME ALLEGEARRE TE SJEN FANSELS...”

    IT SPOAR WEROM

 

Back To Top