Skip to content

(De foto yn de Nijsbrief wie net dúdlik, derom efkes op de website)
Ein ferline jier hat it Skjippefolk readboarstkes makke. In fleurich túnfûgeltsje.
Se gongen allegear mei san fûgeltsje nei hûs ta. En dan mar hoopje dat se moai sjonge.
Op de winterfair yn Bolswert kocht in frau san readboarstke fan ús. It readboarstke soe by de foto fan har man stean as oantinken want hy wie in fûgeltsjeman. Prachtich toch?
In oare kear toen we yn de tún oan de gong wienen en hast klear om alles op te romjen wat kaan dér oanfleanen…. Ja in readboarstke. Dat slutte de middei wer goed ôf.
Slaan ik it Lietboek iepen en dan kom ik dit ferske tsjinst as ôfsluting fan de tsjerkerie gearkomst.

As alle minsken fûgels (readboarstkes) dreame
Mei wite fearren fan satyn
Of bloeisel pracht oan wetter streamen
Set dan moarn de frede yn?

As alle minsken taarten bakke
En dûnsje by de tamboeryn,
As alle minsken oarloch stake
Set dan moarn de frede yn?

As alle minsken huzen bouwe
Mei blommetunen en jasmyn
En libje yn it folst fertrouwen,
Set dan moarn de frede yn?

As alle minsken God begroetsje
En diele mei inoar brea en wyn,
As alle minsken Jezus moatsje
Set dan moarn de frede yn?

Back To Top