Skip to content

De skikking foar dizze 5e snein fan de 40-dagentiid jout in hiel moai byld fan de

gelikenis fan de ferlerne soan wêr’t hjoed de skriftlêzing oer giet.

Want as bliken docht dat de wynboeren de soan fan de baas deadzje, wurdt it byld brûkt

fan de stien dy’t fuortsmiten wurdt troch de boulju. En krekt dy stien sil brûkt wurde

as hoekstien wêr’t de muorre op rêst en ferstevige wurdt. De hoekstien as fûnemint.

Yn de skikking lizze de hoekstiennen as symboal om it krús. It krús wat no hielendal rjochtop

stiet jout ek oan dat we hieltyd tichter by de krusiging fan Jezus komme.

De bloeiende  tûken binne in ferwizing nei nij libben.

 

Wurden by de skikking:

It stiennen  fûnemint

Binne as fruchtbere grûn

Foar tûken dy’t frucht drage sille

Back To Top