Skip to content
Laden Evenementen

« Alle Evenementen

  • Dit evenement is voorbij.

Tsjerketsjinst fanút de Martinitsjerke

15 oktober 2023 09:30 - 10:30

Foargonger is ds. Nicolette Vlaming

m.m.f. Kwartettekoar, Tidens de tsjinst op snein 15 oktober sil it Kwartettekoar de Frysktalige kantate “Ien minske makket it ferskil” hearre litte.
De teksten binne skreaun troch Eppie Dam en Jan de Jong hat de muzyk komponeard.
De kantate bestiet út 8 lieten mei tuskentroch ferbinende teksten. De muzikale lieding is yn hannen fan dirigint Feike van Tuinen.
Wer giet dizze kantate oer?
De ierde hat it krap, en fan de weromstuit al syn bewenners. It wetter komt omheech, dwazen fiere it regear, de wrâld falt útinoar en it fjoer fan de haat spat út alle eagen. Hoe sil in minske fan goede wil. as ienling noch oerein bliuwe? Minsken fan goede wil ha der altyd west, en fan har striid en noed fertelt en sjongt dizze kantate.
Fan Noach dy’t net ûnder wetter strûpte; fan Lot dy’t wist wat de flammen foar de stêd betsjutten; fan Jakob dy’t gjin hillige wie mar dreamen krige fan fertrouwen; fan Mozes út syn arkje wei roppen ta de grutte oerstek; fan David dy’t it meubel fan in reus wjerstie.
God straft net yn dit ferhaal; it binne de minsken dy’t harsels straffe. Sa’t it ek de minsken binne dy’t harsels en de ierde ferlosse kinne. De kantate waard skreaun by njoggen tekstylkollaazjes fan Sue Symons, yn boekfoarm ferskynd ûnder de titel Let My People Go. Stories from the Old Testamint.

1ste collecte – Jeugdraad 2de collecte – Diaconie
U kunt uw gift ook overmaken op bankrekening NL71 RABO 0349 50 66 55 t.n.v. Diaconie Easterein o.v.v. het collectedoel of de datum van de kerkdienst.

Gegevens

Datum:
15 oktober 2023
Tijd:
09:30 - 10:30
Evenement Categorie:
Back To Top