Skip to content

Tidens de tsjinst op snein 15 oktober sil it Kwartettekoar de Frysktalige kantate “Ien minske makket it ferskil” hearre litte.
De teksten binne skreaun troch Eppie Dam en Jan de Jong hat de muzyk komponeard.
De kantate bestiet út 8 lieten mei tuskentroch ferbinende teksten. De muzikale lieding is yn hannen fan dirigint Feike van Tuinen.
Wer giet dizze kantate oer?
De ierde hat it krap, en fan de weromstuit al syn bewenners. It wetter komt omheech, dwazen fiere it regear, de wrâld falt útinoar en it fjoer fan de haat spat út alle eagen. Hoe sil in minske fan goede wil. as ienling noch oerein bliuwe? Minsken fan goede wil ha der altyd west, en fan har striid en noed fertelt en sjongt dizze kantate.
Fan Noach dy’t net ûnder wetter strûpte; fan Lot dy’t wist wat de flammen foar de stêd betsjutten; fan Jakob dy’t gjin hillige wie mar dreamen krige fan fertrouwen; fan Mozes út syn arkje wei roppen ta de grutte oerstek; fan David dy’t it meubel fan in reus wjerstie.
God straft net yn dit ferhaal; it binne de minsken dy’t harsels straffe. Sa’t it ek de minsken binne dy’t harsels en de ierde ferlosse kinne. De kantate waard skreaun by njoggen tekstylkollaazjes fan Sue Symons, yn boekfoarm ferskynd ûnder de titel Let My People Go. Stories from the Old Testamint.

Back To Top